Wurdum krijt jild foar app mei histoaryske kuierrûte

Wurdum
De projektgroep 'Wirdum Culturele Hoofdstad 2018' hat 9700 euro fan de provinsje krigen foar in histoarysk projekt yn 2018. De groep set in kuierrûte út by tsien histoaryske lokaasjes yn Wurdum en Swichum del. De skiednis dêr wurdt neispile troch de pleatslike toanielferiening en is yn 2018 te sjen fia in spesjale app op de tablet of de smartphone.
De rûte giet ûnder oare del by it molkfabryk en by strjitten mei Ingelske nammen. Mei de subsydzje wurdt de app ûntwikkele. As dy klear is, kin dêrnei it tal histoaryske lokaasjes útwreide wurde.