Undersyk nei effekt keunstljocht op flearmûs úteinset

17 maaie 2016 - 17:06
  • De nêstkasten foar it ûndersyk nei de flearmûzen wurde pleatst

De earste nêstkasten foar de rûge dwerchflearmûs binne tiisdeitemoarn pleatst. Yn Eastermar binne acht peallen pleatst mei de kastkes. Yn totaal komme der 84 nêstkasten op 14 lokaasjes yn Noardeast-Fryslân. 

De nêstkasten binne foar ûndersyk. De kommende trije jier wurdt besjoen hoe goed de flearmûs oer keunstljocht kin. De resultaten wurde brûkt om it effekt fan keunstljocht op bisten te mjitten en it gebrûk derfan mooglik oan te passen. It ûndersyk wurdt lanlik útfierd en sponsore troch ûnder oare Philips.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)