Spesjaal team ûnderhâldt opknapte Boerestreek Appelskea

Ympresje fan it nije plein oan de Boerestreek yn Appelskea
De opknapte Boerestreek fan Appelskea wurdt de kommende tiid ûnderhâlden troch in spesjaal team fan acht minsken. It saneamde 'Team Boerestreek' falt ûnder de bûtentsjinst fan de gemeente Eaststellingwerf en bestiet út minsken mei in útkearing dy't sa de mooglikheid krije om wurkûnderfining op te dwaan.
It ûnderhâld fan de Boerestreek waard oant no ta troch bedriuwen fan bûten de gemeente dien. De leden fan it team meie ek in oplieding folgje, wat de oergong nei betelle wurk makliker meitsje sil. It giet om in proef oant 1 desimber.