Ferstanlik beheinden debattearje mei polityk Smellingerlân

17 maaie 2016 - 16:41

Yn de gemeente Smellingerlân is tiisdeitejûn in wier debat tusken ferstanlik beheinden en de lokale polityk. It debat wurdt hâlden op inisjatyf fan de LFB, in belange-organisaasje fan ferstanlik beheinden. Acht minsken mei in ferstanlike beheining ha in kursus polityk folge en sille diskusjearje mei de riedsleden en de boargemaster fan Smellingerlân.

Underwerpen dy't op de aginda stean binne bygelyks de WMO, mar ek partisipaasje en it serieus nimmen fan ferstanlik beheinden.

Dit soarte debatten wurde wolris faker organisearre yn oare gemeenten en dat foldocht goed neffens de organisatoaren Wouter Ykema en Harro Swier. It debat begjint om 19.30 oere yn it gemeentehûs fan Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)