Súdwest-Fryslân en Grins bestride diskriminaasje LHBT

17 maaie 2016 - 16:27

It oantal gefallen fan geweld en diskriminaasje tsjin lesbiennen, homo's, biseksuelen en transgenders yn Noard-Nederlân moat flink leger wurde. Om dat foarelkoar te krijen hawwe de gemeente Súdwest-Fryslân en de gemeente Grins, mei in tal belange-organisaasjes, ôfpraten om better mei elkoar gear te wurkjen. Sa sille se sifers útwikselje, mar wurdt der ek sjoen nei bettere foarljochting. Tiisdei waard de oerienkomst dêrfoar offisjeel ûndertekene yn Grins. 

Yn hiel Noard-Nederlân is der ferline jier goed 180 kear melding dien fan diskriminaasje op it mêd fan seksuele foarkar. Troch gear te wurkjen hoopje de partijen dat oantal nei ûnderen te krijen. Yn de takomst soene ek Ljouwert en Assen noch oanslute moatte by de ôfspraken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)