Radiomaraton foar bernebuorkerij Doniastate yn Stiens

Bernebuorkerij Doniastate yn Stiens
Radio Middelsé hâldt syn jierlikse radiomaraton dit jier foar bernebuorkerij Doniastate yn Stiens. De maraton is fan freedtejûn 3 juny oant sneontejûn 4 juny. Yn gearwurking mei sponsoaren en artysten en troch ludike aksjes wurdt besocht safolle mooglik jild op te heljen foar Doniastate. Dy wol graach nije traaptrekkers oanskaffe.
Der binne ûnder oare in radiobingo, in wurdspul mei nammen fan muzyknûmers en artysten en in draaiend rêd. Bands lykas Tuff Luck, Ian Barras en de Baba Live Band sille live optrede.
Alle aktiviteiten binne fia de radio en op ynternet te folgjen. Radio Middelsé is de lokale omrop fan de gemeenten Ljouwerteradiel en Ferwerderadiel.