Grut bouprojekt yn Frjentsjer: brêge wurdt te plak hongen

17 maaie 2016 - 14:13

In hiel spektakel dizze wike yn Frjentsjer. Dêr wurdt de nije Oosterpoortsbrêge by de eastlike tagong fan de binnenstêd te plak hongen. De brêge leit no noch yn Burgum en wurdt woansdei oer it wetter nei Frjentsjer brocht.

Tiisdeitemoarn waard in grutte kraan opboud wêrmei't de brêge tongersdei te plak hongen wurdt. De brêge komt yn plak fan in daam. Hjirtroch wurdt it no mooglik om ek mei lytsere boatsjes de stêd yn te farren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)