Soleksriders hawwe soargen oer nij miljeubelied yn gemeenten

17 maaie 2016 - 12:47

Soleksriders meitsje harren hieltiten mear soargen oer it miljeubelied fan in protte gemeenten. No't stêden as Amsterdam âlde auto's en motoaren wegerje yn de binnenstêd, wurdt it foar soleksriders ek dreger om te toeren.

Neffens Ynte Kuindersma fan it lanlike Soleksbestjoer is it net earlik dat de soleksen ek oanpakt wurde. Dat hat neffens him te krijen mei it ûndersyk nei de útstjit fan soleksen. Dêrby soe in âlde soleks brûkt wêze, wylst de modellen dy't no ride hielendal net fersmoargjend binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)