Skientmespesjalisten komme yn ferset tsjin laserferbod

17 maaie 2016 - 12:44

Skientmespesjalisten komme yn ferset tsjin plannen fan minister Schippers om laserbehannelings by harren wei te heljen. Schippers fynt dat de behannelings te risikofol binne en by dermatologen of hûdterapeuten thúshearre. Neffens de skientmespesjalisten binne de gefolgen grut foar de brânsj en de klanten.

Untharing en behanneling fan kûperoaze (in hûdoandwaning) wurde troch de spesjalisten folle goedkeaper dien. As dat net mear kin sille minsken folle mear betelje moatte en dus folle faker mei harren hûdproblemen sitte bliuwe.

De brânsj hat no in petysje opsetten om te protestearjen tsjin de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)