Fryske media lansearje kampanje Klopjend hert foar Fryslân

17 maaie 2016 - 12:06

De gearwurkjende Fryske media Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd komme takom wike mei de aksjewike 'Klopjend hert foar Fryslân'. Se wolle de Stichting Fryslân Hartveilig helpe om it tal boargerhelpferlieners en it tal oanmelde AED's te fergrutsjen.

Alle dagen ferstjerre der yn Nederlân 35 minsken as gefolch fan in hertstilstân. As der in boargerhelpferliener yn de buert is dy't reanimearje kin, wurdt de kâns op oerlibjen grutter en de kâns op bliuwende skea lytser. De aksjewike rint fan 23 oant 29 maaie.

Oanmelde as boargerhelpferliener

De gearwurkjende media sille yn de aksjewike op de eigen poadia en op de nije mienskiplike side rom omtinken jaan oan alle aspekten fan hertfeiligens en minsken oproppe om harren oan te melden foar in reanimaasjekursus om boargerhelpferliener te wurden.

Minsken dy't al reanimearje kinne, kinne harren direkt registrearje litte as boargerhelpferliener. Oanmelde kin hjir.

Dekkend reanimaasjenetwurk

Fryslân rint efter op in flink tal regio's yn Nederlân as it giet om boargerhelpferlieners dy't reanimearje kinne en in AED betsjinje kinne. Dêr wol Stichting Fryslân Hartveilig feroaring yn bringe.

Doelstelling is om in dekkend Frysk reanimaasjenetwurk te realisearjen. De earste seis minuten nei in hertstilstân binne letterlik fan libbensbelang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)