GGD: "Pas op, de ikeprosesjerûp is wer yn Fryslân"

17 maaie 2016 - 11:21

De earste ikeprosesjerûpen binne wer sinjalearre yn Fryslân. Reden foar GGD Fryslân om minsken te warskôgjen foar de brânhierren fan de bistjes. Dy kinne foar klachten soargje, lykas jokte, hûdútslach en yrritaasje oan eagen of luchtwegen.

De oerlêst fan de hierren is earst tusken heal maaie en ein juny en komt tusken heal july en septimber werom. It is neffens de GGD belangryk om by jokte net te wriuwen, mar om de hûd of eagen mei wetter ôf te spielen en mei in krêm yn te smarren.

Klean dêr't de hierren yn sitte moatte op hege temperatuer wosken wurde. Nei sa'n twa wiken ferdwine de klachten út harren sels. By earnstige klachten moatte minsken kontakt opnimme mei de húsdokter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)