Jonge falt fan scooter nei achterfolging troch Ljouwert

17 maaie 2016 - 10:59
  • In ploertedeader is in stôk mei in fleksibel útein sadat de klap hurder oankomt

In 16-jierrige jonge út Ljouwert is moandeitejûn oppakt om't er in ploertedeader by him hie. De fertochte siet achter op in scooter en wie by in achterfolging troch de plysje fan de scooter fallen. De plysje woe de scooterrider efkes dêrfoar kontrolearje, om't de plysjeminsken tochten dat de bestjoerder minderjierrich wie.

Dêrop naaide de scooter út. De plysje sette de achterfolging yn. Op de Bûterhoeke yn de stêd moast de scooter útwike foar in auto, wêrtroch de passazjier op de grûn foel. De bestjoerder koe ûntkomme.

De byrider is oppakt. By syn arrestaasje fûn de plysje de ploertedeader. Dy is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)