Akkrumer fjochtsporter slacht nije freon fan eks-freondinne

© Omrop Fryslân
In 28-jierrige Akkrumer moat fan it Iepenbier Ministearje fjouwer moannen de sel yn foar in slimme mishanneling fan de nije freon fan syn eks-freondinne. De man, in fjochtsporter mei in strafblêd fanwegen mear geweldsaken, gie op 24 septimber ferline jier nei it hûs fan in kunde fan him.
Hy hie fernaam dat dizze Drachtster de nije freon fan syn eks-freondinne wie en woe ferhaal helje. Hy trape de doar fan de wenning yn en trof beiden neaken oan yn de sliepkeamer.
De Akkrumer sloech syn slachtoffer benammen op de holle, dy't bûnt en blau út de striid kaam. Neist de fjouwer moannen selstraf easke de offisier fan justysje noch in kear fjouwer moannen selstraf ûnder betingst en in skeafergoeding foar it slachtoffer fan 4700 euro.
De rjochter docht op 30 maaie útspraak.