Passantehaven lûkt mear toeristen nei Drachten

De nije passantehaven oan it Moleneind yn Drachten is dit pinksterwykein foar publyk iepene, mar soarget no al foar in taname fan toeristen. Neffens eigener Sybren de Vries fan GrandCafé De 2 Heeren komme boppedat in soad fytstoeristen op de nije haven ôf.
Mei de oanlis fan de nije tappunten foar stroom en wetter hat de gemeente eardere klachten oer de haven oplosse wollen. Dat liket te slagjen.
Boppedat witte de boatsjeminsken troch in nije bewizering op en by de Drachtstervaart del de haven better te finen. Ek de iepeningstiden fan de brêge yn de Tjalling Wagenaarstrjitte binne langer wurden.
De Stichting Veiligheidszorg Smallingerland wol boppedat it tal brêgewippers dat de nije brêge betsjinnet fan twa nei fiif persoanen útwreidzje. Dêrfoar wurdt in spesjale oplieding opset.