104e Fytsalvestêdetocht sûnder kalamiteiten ferrûn

13.650 fytsers begûnen pinkstermoandei ier yn 'e moarn oan de 104e Fytsalvestêdetocht. De 235 kilometer lange tocht waard kenmerke troch kjeld, rein en hurde wyn. Mar dit die net ôf oan de sfear, dy't wer tige goed wie. Oeral lâns de rûte stie in soad publyk.
Der binne sa'n 400 fytsers útfallen. Neffens de organisaasje is de dei sûnder grutte kalamiteiten ferrûn. Der moast tolve kear in ambulânse yn aksje komme om ferwûnen nei it sikehûs te bringen. In 77-jierrige man waard súksesfol reanimearre. Hy leit noch yn it sikehûs.
Soleksen en motors
Der waard moandei ek in alvestêdetocht organisearre foar soleksen en motoren. Sa'n hûndert soleksen dienen mei. Foar de motors wie it de 81e alvestêdetocht. Der diene 3.600 dielnimmers mei op de motor.
Lêste Fytsers
Rûnwei kertier foar tolven kamen de lêste fytsers oer de streek yn Boalsert. Jannemijn Baars en Niek Kerver waarden mei de 'bezemwein' hertstochtlik binnenhelle en ûntfingen de lêste medaljes foar dit jier.