FIDEO: Ferreinde fytsers komme oan by de finish yn Boalsert
By de finish fan de Fytsalvestêdetocht yn Boalsert komme noch altyd fytsers binnen. De measten binne ferreind. Dochs is de sfear dêr tige goed. De dielnimmers binne bliid dat de 235 kilometer lange fytstocht lâns de alve Fryske stêden der op sit.
Hoewol't in grut part fan de dielnimmers wietreind is, bliuwe se posityf. Ek oer de organisaasje fan de Fytsalvestêdetocht.