Marrit Steenbergen pakt EK-goud mei estafetteploech

Marrit Steenbergen fan Easterwâlde hat goud wûn mei de Nederlânske estafetteploech by it Europeesk kampioenskip yn Londen. Op de 4 x 100 meter frije slach wiene de Nederlânske froulju in stik sterker as de konkurrinsje. Steenbergen, Maud van der Meer, Femke Heemskerk en Ranomi Kromowidjojo swommen nei in tiid fan 3.33,80.
It sulver wie foar Italië (3.37,68) en Sweden (3.37,84) wûn it brûns.