Ferlies Snits Wyt Swart yn lêste kompetysjewedstriid

Logo VV Snits Wyt Swart © Omrop Fryslân
De lêste kompetysjewedstriid yn de topklasse is foar Snits Wyt Swart einige yn in grutte nederlaach. Yn Groesbeek wie nûmer fjouwer De Treffers mei 6-1 te sterk foar de Snitsers. Getuar Derguti sette Snits Wyt Swart noch wol op in foarsprong, mar yn de twadde helte koe De Treffers de skoare ombûge nei in 6-1 oerwinning. Snits Wyt Swart einiget op it fyftjinde en lêste plak yn de topklasse. Dêrtroch moat de ploech fan Berry Zandink neikompetysje spylje om yn 'e topklasse te bliuwen.
Neikompetysje
Dêryn is UDI '19 út Uden, de tredde perioadekampioen fan de haadklasse B, de tsjinstanner. De Snitsers moatte yn in dat twalûk sjen te winnen, om degradaasje nei de haadklasse foar te kommen.