Hartthijs de Vries is distriktskampioen beloften

16 maaie 2016 - 16:30
  • It poadium by de beloften

Hurdfytser Hartthijs de Vries is yn Annen distriktskampioen by de beloften wurden. It 19-jierrige talint út Kollum siet yn de finale as iennige belofte-hurdfytser yn de kopgroep fan tolve man.

By de elite gong de titel krekt as ferline jier nei Jeff Vermeulen út Exloo.

By de froulju wie de winst foar Melissa Steenhof út Drachten. Bianca Bakker fan Wynjewâld waard twadde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)