Fernijd pinksterfeest fan Wynjewâld lûkt hast 2000 besikers

16 maaie 2016 - 16:14
  • Pinksterfeest Wynjewâld
  • De lokaasje fan it pinksterfeest yn Wynjewâld

It pinksterfeest hat snein en moandei in lytse 2000 besikers nei Wynjewâld lutsen. Dêr is de organisaasje fan it kristlike feest tige wiis mei.

It feest is dit jier foar it earst op in lytsere skaal organisearre. Ferline jier stie de takomst fan it pinksterfeest faai, om't der te min jild wie en bestjoersleden ôfheakken. Dochs koe it ek dit jier wer organisearre wurde, om't in benefytkonsert foar ekstra jild soarge en nije ynterim-bestjoersleden harren dêrnei oanmelden.

40 jier

It pinksterfeest fan Wynjewâld bestiet al mear as 40 jier. Op it programma stiene ûnder oaren in pinkstertsjerketsjinst en in sing-out mei muzykkorps De Bazuin fan Oerterp.

Net alles ferrûn goed: in muzikant fan it Ooststellingwerfs Mannenkoor foel snein fan it poadium en rûn dêrby in breuk op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)