Tsien fytsers nei it sikehûs, ien persoan reanimearre

In 77-jierrige moast reanimearre wurde yn Burdaard © Omrop Fryslân, Wim Brons
De earste dielnimmers oan de fytsalvestêdetocht hawwe de finish yn Boalsert berikt. Neffens foarsitter Stephan Rekker binne sy noch opfallend fit. Rekker ferwachtet dat de tocht de kommende oeren dreger wurdt, omdat de wyn oanhellet.
De tocht ferrint oant no ta goed. Tsien minsken moasten mei ferwûningen nei it sikehûs en yn Burdaard moast in âldere fytser reanimearre wurde. Neffens Rekker wike dy sifers net ôf fan oare jierren.