Marrit Steenbergen mei estafetteploech nei EK-finale

16 maaie 2016 - 14:57
  • Marrit Steenbergen yn aksje

Marrit Steenbergen fan Easterwâlde hat har mei de Nederlânske estafetteploech by it EK swimmen yn Londen pleatst foar de finale op de 4 x 100 meter frije slach. Mei Maud van der Meer, Esmee Vermeulen en Femke Heemskerk stuts Steenbergen mei kop en skouders boppe de konkurrinsje út.

De finale wurdt moandeitejûn swommen. Nei alle gedachten nimt Ranomi Kromowidjojo dan it plak fan Vermeulen yn. Kromowidjojo die net mei oan de foarronde omdat se moandeitemoarn in oare wedstriid swom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)