Learlingen Sevenwolden siik nei besite oan camping België

16 maaie 2016 - 13:51
  • De kemping yn België

In groep learlingen fan OSG Sevenwolden is siik wurden neidat se op in camping yn België west hawwe. De bern komme fan de lokaasje Fedde Schurer op It Hearrenfean. De camping is sneintejûn ûntromme en sletten.

Op dat momint hienen goed santich campinggasten 'fergiftigingsferskynsels'. Fiif fan harren moasten nei it sikehûs, oaren koene op de camping sels behannele wurde. Ek learlingen fan Sevenwolden hawwe sûnensklachten. De slachtoffers binne mislik, hienen búkpine of moasten spuie.

Survivalwike

Der wienen 65 learlingen en sân begelieders yn België. Sy binne sa goed as allegear siik wurden. De groep wie ferline wike op de camping op survivalwike, mar is earder weromkaam om't minksen sûnensklachten krigen. 

Nei harren fertrek binne dus ek oare campinggasten siik wurden. De autoriteiten yn België litte ûndersykje wêr't de sûnensklachten weikomme. Mooglik dat der wat yn it wetter sitten hat. De camping yn Pont-Lesse bliuwt foarearst ticht.

Firusynfeksje

De GGD Fryslân hat meunsters ôfnaam by learlingen fan It Hearrenfean en komt tiisdei mei de útslach. Sy geane foarearst út fan in firusynfeksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)