13.650 fytsers binne fan start gong yn alvestêdetocht

De ferwachting foar minder moai waar hat der foar soarge dat der minder fytsers oan de alvestêdetocht begûn binne as oare jierren. Fan de 15.000 minsken dy't har ynskreaun hawwe, binne der 13.650 oan de start ferskynd.
By ferwachtings foar better waar is it ferskil gewoanwei sa'n 1.000 minsken. Neffens foarsitter Stephan Rekker binne de fytsers dy't meidogge klaaid op minder goed waar. Koarte broeken binne amper te finen, wylst reinjassen by de measten ta de standert útris hearre.
Rekker hat noch gjin oersjoch fan it tal ûngelokken dat der moarns west hat. Wol is by Holwert in folpunt foar bidons sletten, omdat dat foar tefolle filefoarming soarge. It wie foar it earst dat it folpunt der wie. Der sil noch besjoen wurde wêrom't it dêr krekt mis gong.