Agressive stapper slacht portier yn Ljouwert

16 maaie 2016 - 10:22
  • De Doelesteech yn Ljouwert

De plysje yn Ljouwert hie de hannen sneintenacht fol oan in agressive 26-jierrige man út de stêd. De man wie in hoarekasaak yn de Alde Doelesteech útset, nei't hy yn in bierglês pisse hie. Bûten joech de man foar de eagen fan twa plysjeminsken de portier in klap.

De plysjes namen de man mei nei it buro. Underweis skopte de man tsjin de doar fan de plysjeauto en besocht er hieltyd de plysjeman neist him yn it gesicht te skoppen. De plysjeman koe dat foarkomme. Op it buro bleau de man agressyf. Hy wegere mei te wurkjen en flibe nei de plysjes.

Ut ûndersyk die bliken dat de fertochte ek noch heard wurde moat oer in oare saak. De man sit dêrom noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)