Kollum: "Myn Fryske Tûfke"

16 maaie 2016 - 09:38

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"‘Accepteert u cookies?’ Krije jo dy melding ek altyd? Ik druk mar gewoan rücksichtslos op ‘Ja’ en oant no ta hie’k noch noait echt fernaam wat foar konsekwinsjes dit eins hie. Oant ik ôfrûne wike skearmeskes bestelde fia ynternet. Samar ynienen gong de doaze fan Pandora foar my iepen en dûkte ik kopke ûnder yn de wrâld fan it skamhier.

Jim sille it fêst ek al fernaam ha, it is wer simmer. Dus tiid om de winterfacht der boppe en ûnder ôf te heljen. No bin ik fierstente pussy foar waxen of epilearjen, dus doch ik it altyd gewoan mei in skearmeske. Om’t it ark by my yn de baaikeamer allegearre stomp wie, tocht ik slim te wêzen en bestel handich en rap skearmeskes fia it ynternet. En doe diene de cookies harren wurk. Want foar't ik it wist krige ik oeral pop-upkes fan websiden mei nammen as Pubic Hair Fashion, Marie Claire.com, Young Womens Healht.org en wat al net mear.

Nijsgjirrich as ik bin, ha’k der fansels efkes op klikt. En aldermachtichst, wat is der tsjintwurdich wat mooglik mei skamhier! Kinst it skeare, trimme, epilearje of waxe litte. No wist ik dat eins wol, mar wat ik net wist is dat der by dy lêste foarm wer talleaze ferskillende stilen binne. Alderearst is der de French Wax, wêrby’t der in kreas trijehoekje ûntstiet. De French Wax is foar mietjes, lês ik tusken de regels troch. Dêrby wurdt der krekt genôch hier fuortlutsen sadat it net ûnferwachts de kop op stekt by de rântsjes fan dyn bikinibroekje.

As twadde opsje is der de Brazilian Wax. Dat is in wat diedkrachtigere oanpak, wêrby’t eins alles fuort ratst wurdt útsein ien lyts streekje hier. Dêrtroch ûntstiet der sa'n kreas streepke. Njonken in streepke kinst it ek wat breder tinke en kieze foar in rjochthoek, ek wol de lâningsbaan neamd. En kinst ek noch kieze foar foarmkes, lykas hertsjes of in pylk.

Mar de measte froulju kieze foar de Full Brazilian ek wol de Hollywood neamd. Gjin hierke mear te bekennen. En ek de manneknikkerts, sa't kollega Willem Schoorstra se sa moai neamt, binne tsjintwurdich fuzz free. It is foar mannen wol sexy om noch ien sa'n streekje hier te hâlden fan de nâle oant de ûnderbroek. De saneamde 'happy trail'. In spoar fan hierkes foar ast gjin idee hat wêr'tst krekt wêze moast. Foar froulju dy’t gjin biologyske TomTom ha, tink ik.

Mar dan komt it. Nei'tst in kar makke hast út al dizze boppesteande skamhier opsjes, moast fansels oan de slach. Skeare, waxe en epilearje is net ienfâldich lês ik op de webside schaamhaar.net. Ik sitear: "Voordat je met het echte scheerwerk begint moet je eerst je schaamstreek voorbereiden." Sa moast kontrolearje yn hokker rjochting it hier groeit, want der tsjinyn skeare is desastreus. En boppedat is it in oanrieder om de boel nei ôfrin yn te poeierjen mei talkpoeier. Sjocht der net út fansels ast op it strân leist mei sa’n wyt bepoeiere puddingbroadsje tusken de fuotten, mar goed.

Nei’t ik al dizze ynformaasje nijsgjirrich ta my naam hie, kaam fansels de grutte fraach: wat sil ik sels foar coupe dwaan? Ik bin wol foarstanner fan in bytsje kreatyf, dus dêrom ha ik no wat nijs betocht foar dizze simmer. It pompebledsje. Of sa’t ik ‘m sels betitele ha: it Fryske Tûfke.

Noflike moandei!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)