Plysje folget ynbrekkers fanút Gelderlân nei De Harkema

16 maaie 2016 - 09:21

Plysjeminsken fan de Lanlike Eenheid hawwe sneintenacht twa ynbrekkers oppakt nei in achterfolging fanút Gelderlân nei De Harkema. Dêr hawwe de fertochten, twa manlju fan 27 en 32 jier âld, in oere lang west. Wat se krekt dien hawwe, is net dúdlik, mar de plysje tinkt dat se earne ynbrutsen hawwe.

Doe't se De Harkema útride woenen, hat de plysje de manlju oanhâlden. Oft en wêr't de fertochten ynbrutsen hawwe, is net bekend. De plysje ropt slachtoffers en tsjûgen op harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)