Ungelok op De Gordyk, pizza's komme op strjitte telâne
In pizzabesoarger is sneintejûn op 'e Gordyk nei in botsing mei syn auto op de sydkant telâne kaam. De bestjoerder kaam mei de skrik frij, mar de pizza's bedarren op strjitte.
De auto fan de besoarger moast fuortsleept wurde, de twadde auto hie net in soad skea. De plysje siket út hoe't it ûngelok barre koe.