Sa'n 15.000 fytsers starte yn Fytsalvestêdetocht yn Boalsert

Sa'n 15.000 dielnimmers setten moandeitemoarn betiid yn Boalsert útein foar de Fytsalvestêdetocht. It waar sit de dielnimmers dit jier net hiel bot mei: mei sa'n 13 graden wurdt it net sa waarm. Wol bliuwt it nei alle gedachten drûch. De fytsers lizze moandei 235 kilometer ôf. Se fytse earst rjochting it noarden, dêrnei folget de Súdwesthoeke.
Ek sette de motoaren en de soleksen moandeitemoarn útein mei de alvestêdetocht. By de motoaren dogge dit jier 3600 riders mei, by de solekstocht sa'n hûndert man.
De Fytsalvestêdetocht is moandei de hiele dei live te folgjen by Omrop Fryslân.