Kollum: Hans Vonk

Hans Vonk fan SC Hearrenfean © Martin de Jong
Roelof de Vries is sportferslachjouwer by Omrop Fryslân. Hy is fansels in echte sportfanaat en folget foaral SC Hearrenfean, Aris en it shorttrack op 'e foet. Sa no en dan skriuwt er in kollum oer saken dy't er tsjinkomt yn syn wurk. Roelof is te folgjen op Twitter.
"Die moeten we in de gaten houden. Hij kan zo nu en dan best een lul zijn." Sa sei Hans Vonk yn in oerlis mei in oantal trainers. Net wittende dat dit ek wer by my telâne komme soe.
Dreech, sa kin ik myn relaasje mei Vonk it bêste omskriuwe. Al by myn earste ynterviews rûn it swier. "Wat wil je weten? Wat ga je vragen?" It krijen fan in ynterview wie faak dreech. Hy woe net filme wurde as hy oranjekoeke siet te iten by in spilerspresintaasje, frege standaard oan de kameraman oft de kamera net te leech stie en oft hy wol fan syn goeie kant filme waard. It gie muoisum, mar ik tocht it sil wol oan my lizze. Ik bin ommers ek mar in eigenwiis, irritant, bloed-ûnder-de-neilen-wei-heljend mantsje.
Oant it momint dat ik mei kollega's prate. Twa direkte kollega's kamen nei in ynterview mei Vonk werom en bellen fuort om te freegjen wat der mis wie mei Vonk. Nei de ynterviews joech Vonk oan "niet gediend te zijn van deze manier van interviewen." Ik spruts mei kollega's fan oare media en ek sy neamden de wurkrelaasje lestich. In soart fan skizofreny; de iene kear bot en aaklik, de oare kear freonlik en grappich.
No en? Hear ik jo tinken. As hy syn wurk mar goed docht. Is ek sa. Mar ik begûn mei ôf te freegjen hoe't de minsken by de klup der dan oer tinke. Riemer en Foppe is dúdlik. Foppe siet mei Vonk yn Súd-Afrika en sy binne twa hannen op ien búk. Ik murk it op it momint dat Foppe poer op my wie, omdat ik de opstelling fjouwer oeren foar de wedstriid al bekend makke hie. Vonk hie myn tweet hjiroer sjoen en dat Foppe ferteld. Vonk fertelde lykwols dat ik in ferkearde opstelling tweet hie. Dit kloppe net. En doe't ik Vonk en Foppe in wike dêrnei oan de bestjoerstafel nei in wedstriid mei de beloften hjir op oanspruts, waard it troch beide fuort wuift ûnder it mom fan "ach, het maakt ook niet uit."
Fia minsken fan AZ hie ik al heard dat se nochal fernuvere wiene dat Vonk fan teammanager by AZ technysk manager by Hearrenfean waard. Toon Gerbrands spruts ik foar de wedstriid yn de parsekeamer fan PSV. Ek hy spruts syn fernuvering út oer de gong fan saken by Hearrenfean. "Ik zou nooit iemand zonder enige ervaring op die positie plaatsen." Art Langeler, haad jeugdoplieding by PSV, wie yn petear mei Hearrenfean om haadtrainer te wurden. Vonk kommunisearre lykwols fia de voicemail, wêrnei't Langeler sei: "Zo doe ik geen zaken." Vincent Janssen tocht deroer nei om nei Hearrenfean te kommen, mar Vonk treuzele te lang, wêrnei't de spits fan Almere City foar AZ keas. Erwin Mulder sei yn earste ynstânsje nei in petear mei Vonk nee, mar gie, neidat keeperstrainer Harm Kuperus kontakt mei him opnaam hie, dochs nei Hearrenfean. Teammanager Herman van Dijk moast de klup ferlitte op it momint dat Vonk yn de direksje siet. Van Dijk fjochte it oan en koe bliuwe. Twadde keeper Maarten de Fockert krige in nij kontrakt oanbean, mar de oanbieding is minder as it kontrakt fan de tredde keeper Wieger Sijtsma. Undertusken is âld-Hearrenfeankeeper Agil Etemadi fan Almere City benadere. In soad spilers binne syn wize fan kommunisearjen sêd.
Sûnt de komst fan Vonk is it sportyf net beter gien. Dit seizoen einige Hearrenfean mei de sânde begrutting fan Nederlân as tolfde. Hat Vonk dan faald? Nee. Hat hy it goed dien? Nee. Fan de spilers dy't hy oanlutsen hat, hawwe eins allinnich Larsson en Mulder bewize kinnen in echte fersterking te wêzen. Je kinne der fansels altyd oer diskusearje, mar ik tink dat Zeneli, Van den Boomen en Cavlan it noch net sjen litten hawwe, Bijker, Zahovic en Te Vrede tsjinfalle en Veerman en Thorsby it ek noch net bewiisd hawwe. Namli en Thern hawwe ek te min sjen litten, al komt dat benammen troch blessueres. Jordy Buijs mocht alwer fuort, Varga is ferhierd, keeper Viktor Noring kaam dochs, wylst de keeperstrainer him überhaupt net hawwe woe, Duarte wie in mislukking en Bikel mocht fuort en bloeide op by NEC. De Roon mocht foar in prikje fuort en no sitte de topklups yn Italië efter him oan.
Foppe de Haan neamde Joey van den Berg syn bêste spiler, mar Van den Berg mei allinnich bliuwe as Hearrenfean folgjend seizoen net in ferfanger foar him hat. Joey hie graach ôfskie nimme wollen yn it eigen stadion, mar pas nei de lêste wedstriid yn it Abe Lenstra Stadion krige hy te hearren dat hy net in nij kontrakt krijt.
De ûndernimmingsried hat earder al oanjûn net fierder te wollen mei Vonk. Ek in part fan de sakeklup en it stichtingsbestjoer woene fierder mei nije minsken.
Is it dan allegear neat? Nee. It is, sa skat ik yn, sa'n fifty-fifty by de klup. De iene kant fynt it prima te wurkjen mei Vonk, de oare helte fynt it neat en is bliid mei de kar. Dizze wike krige ik berjochten fan minsken yn en rûn de klup. De dei foar it berjocht yn De Telegraaf krige ik noch berjochten dat Vonk in kontrakt foar twa jier krijt. It is noch altyd in "duiventil" by Hearrenfean. Ferskate belangen spylje noch altyd in rol.
Mar je moatte saaklik wêze. Sjoen de feiten en konstatearringen oer Vonk tink ik dat algemien direkteur Luuc Eisenga in goede kar makke hat. Hy hat de ried fan kommissarissen efter him stean en dat is belangryk. Neffens De Telegraaf wurdt Nijkamp syn opfolger. Al skriuwe se yntusken alwer dat Nijkamp benadere is troch de KNVB.
Ik soe sizze, Luuc, belje toch mar efkes mei Riemer. Ik wit it, Riemer sil net bliid wêze mei dyn beslissing om Vonk syn kontrakt net te ferlingen. Mar lit Riemer dochs mar efkes belje mei syn freon en Heracles-foarsitter Jan Smit. Hifkje dan efkes nei Nico-Jan Hoogma. Berne op It Hearrenfean, suksesfol by Heracles en hat alris sein wol wat te fielen foar Hearrenfean. Gewoan dwaan. Kin dy it skele. En in bytsje rap graach, want der moatte noch wol wat spilers by."