Earste alvestêde-autopetter yn Boalsert oankaam

15 maaie 2016 - 16:57

De earste dielnimmer oan de autopetalvestêdetocht is sneintemiddei krekt nei healwei fiven oer de finish yn Boalsert kaam. Klaas Poepjes fan Boalsert is de autopetter dy't de tocht dit jier it fluchste folbrocht hat. Hy die dit jier foar it earst mei oan de tocht. Rosanne Reijne út Apeldoorn kaam as earste frou oer de einstreek yn Boalsert. Yn totaal stiene sa'n 200 'steppers' oan de start. Hjirby wiene ek in oantal bûtenlanners. De autopetalvestêdetocht wurdt dit jier foar de 31ste kear hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)