Wylde achterfolging nei kontrôle yn Damwâld

© ANP XTRA
In 20-jierrige bestjoerder út Dongeradiel besocht sneontenacht op wylde wize út te naaien nei kontrôle fan de plysje. De automobilist waard trappearre by in kontrôle yn Damwâld. De fertochte wie al meardere kearen oppakt foar riden sûnder rydbewiis. Ek wie it kenteken fan de auto skorst. De man naaide út en ried dêrby op hege snelheid flak by in fytser del. De plysje sette de achterfolging yn. De automobilist die de ljochten fan syn auto út, mar ried dêrtroch tsjin in beam. Hy besocht noch rinnendewei út te naaien, mar dat slagge net.
Wol moast de plysje pepperspray brûke by de oanhâlding. De auto is yn beslach naam.