Biste-aktivisten fan Skiermûntseach ôfset

De hoanne sit opsletten yn dizze koer © Omrop Fryslân
De plysje hat sneon twa biste-aktivisten fan Skiermûntseach ôfset. Dat meldt RTV Noord. De twa protestearren tsjin it Kallemooi-feest op it eilân. Se hiene harsels fêstmakke oan de peal fan de Kallemooi-hoanne. Tradisjoneel wurdt mei Pinkster in hoanne yn in koai opsletten mei wetter, bôle en siedsjes. De koai wurdt dêrnei op tweintich meter hichte ophongen. Der is al jierren protest tsjin de tradysje. It Kallemooi-feest soe net goed foar de hoanne wêze.
De gemeente lit no alle dagen in bistedokter ûndersykje hoe't it mei de hoanne giet. Dy hâldt it bist mei in webcam yn de gaten.