Twa ynbrekkers oppakt yn Ljouwert

(foarbyldfoto) © Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht twa ynbrekkers oppakt yn Ljouwert. It duo hie ynbrutsen yn in leechsteand bedriuwsgebou oan de Jupiterwei. Tsjûgen seagen dit en bellen de plysje. Dy hat de manlju, fan 20 en 24 jier, oanhâlden. By de arrestaasje die bliken dat beide fertochten ynbrekkersark by harren hiene. Dat is yn beslach naam. De manlju sitte noch fêst.