De Lemmer fiert feest mei 300 jier âlde toer

15 maaie 2016 - 13:40
  • Wiebren Lemstra spilet op de Cornet

De herfoarme tsjerke fan De Lemmer fiert snein feest, omdat it 300 jier lyn is dat de earste stien foar de tsjerke en de Lemster toer lein waard. De tsjerke en de toer falle beide op yn it hert fan it doarp en komme faak werom op histoaryske foto's fan De Lemmer.

Om it jubileum te fieren, hat de tsjerke in spesjaal programma gearstald. Sa is der in eksposysje oer de tsjerke en de Lemster toer, is der in boekje makke en binne der aktiviteiten foar de jeugd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)