Jacob Folkerts nimt berop nei Betheltsjerke oan

Jacob Folkerts nimt it berop nei de Betheltsjerke oan
Jacob Folkerts hat it berop nei de Betheltsjerke oannommen. Hy wurdt de opfolger fan Orlando Bottenbley, dy't nei 28 jier ophâldt. Under syn lieding groeide de Betheltsjerke yn Drachten fan 60 leden nei 4500.
Ofrûne moandei stimde 96 prosint fan de gemeenteleden yn mei it foarstel om Folkerts te beroppen as nije foargonger. Dy hat witte litten it berop oan te nimmen. Jacob Folkerts wennet no op Teksel, mar komt oarspronklik fan Donkerbroek en is opgroeid yn Drachten.