Auto tsjin beam en oer de kop: oarsaak drank

15 maaie 2016 - 09:43
  • Alkoholkontrôle

Op de Mounewei yn Twizel is sneontejûn in auto oer de kop slein, neidat dy earst in beam rekke hie. De plysje hat twa fertochten oanhâlden, in 25-jierrige ynwenner fan Kollumerlân en in 21-jierrige man út Achtkarspelen. Beide manlju hiene tefolle drank op en hawwe in proses-ferbaal krigen. De auto is fuortsleept.

Wylst de plysje dwaande wie mei de ôfhanneling fan dit ûngefal troffen se noch in automobilist dy't tefolle dronken hie, dizze 50-jierrige inwenner fan Achtkarspelen krige in rydferbod en koe syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)