UPDATE: Autopetters pleage troch lekke bannen

15 maaie 2016 - 09:15
  • De start fan de autopetalvestêdetocht yn Boalsert

De dielnimmers fan de 31e edysje fan de autopetalvestêdetocht hawwe sneontemacht opfallend faak lêst hân fan in lekke bân. It wiene der wol 20, mar hoe't dat kin, is net rjocht dúdlik. Mooglik hat de wiete dyk der wat mei te meitsjen. De alvestêdetocht foar autopets begong sneontejûn om 12 oere yn Boalsert. De sawat 200 dielnimmers hiene dêrnei betiden flink te lijen fan buien en de hurde wyn. Om ôfkuolling foar te kommen hat de organisaasje dêrom koarter skoft hâlden yn Frjentsjer yn Hallum. De autopetters hoopje om 16.30 oere te finishjen.

 De autopetters folgje deselde rûte as de fytsers. Der wiene in rekôroantal dielnimmers dit jier, der hiene har 205 opjûn. Sneintemoarn wiene der fiif útfallers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)