Hok oan de Rykswei yn Hjerbeam ôfbaarnd
De brânwacht moast sneontenacht yn aksje komme foar in brân yn in hok fan in hûs oan de Rykswei yn Hjerbeam. Doe't de brânwacht kaam wie it al in útslaande brân, mar se hiene it fjoer gau ûnder kontrôle. Twa minsken moasten troch it ambulânsepersoniel behannele wurde omdat se reek ynazeme hiene, mar se hoegden net mei nei it sikehûs.