Rolstoelbasketballers winne op De Jouwer

14 maaie 2016 - 21:02
  • Daphne van den Broek lit har trofee sjen

It Nederlânske rolstoelbasketbalteam foar froulju hat sneontemiddei in oefenwedstriid op De Jouwer wûn fan Grut-Brittannië. It waard 64-42. Daphne van den Broek fan Snits skoarde ien kear. Se kaam yn totaal sa'n sân minuten yn aksje. De wedstriid waard spile op De Jouwer, omdat de basketbalferieniging Oaters 45 jier bestiet.

Van den Broek hopet op in seleksje foar de Olympyske Spelen. Der moatte lykwols noch twa basketbalsters ôffalle.

Ek de 16-jierrige Jelmer van Brunschot fan De Knipe makket noch kâns. Hy giet hoe dan ek mei nei Rio, omdat it NOC*NSF in tal talinten oanwiisd hat. Sy meie ûnderfining opdwaan, sadat se al better taret binne op de Spelen yn 2020 yn Tokio. Van Brunschot is dêr ien fan, mar hy heart ek noch by de kânshawwers dy't selektearre wurde kinne foar de Spelen yn Rio de Janerio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)