Histoaryske helm Skettens oerdroegen oan museum

14 maaie 2016 - 17:51
  • De helm fan Skettens

De helm dy't al iuwenlang oan de muorre fan it tsjerkje fan Skettens hinget, blykt in histoaryske skat te wêzen. Dêr kaam Jeroen Punt, konservator fan it Nationaal Militair Museum achter nei in lang ûndersyk.

De Fryske offisier Schelte van Aysma droech de helm yn de 17e iuw. Hy focht yn de 80-jierrige oarloch foar de Oranjeprinsen Maurits en Frederik Hendrik. De helm fan 6 kilo koe net foarkomme dat de kolonel al betiid yn syn libben omkaan by it belech fan Breda yn 1637. Sneon droech de tsjerke fan Skettens de helm oer oan it militêr museum.

Nasjonaal belang

André Buwalda fan de tsjerkeried yn Skettens fûn it net maklik om de helm út te lienen oan it museum. "Je helje eat út de tsjerke wei. De helm heart hjir," sei Buwalda. "Mar dochs ha we besletten om him oer te dragen. No kin elkenien him sjen, want it is yntusken nasjonaal belang wurden."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)