Degradant Drachtster Boys wint lêste wedstriid

Drachtster Boys © Omrop Fryslân
Degradant Drachtster Boys sleat de lêste wedstriid yn de sneonshaadklasse C sneon ôf mei in 3-1 oerwinning tsjin HZVV.
It Drachtster publyk moast lang wachtsje op de iepeningstreffer. Fuort nei rêst iepene Sicco Bouwer de skoare, wêrnei't Nezhar Hassan der 2-0 fan makke. Yn de 72e minút tekenen de gasten út Hoogeveen foar de oanslutingstreffer. Jan Stoker sette de marzje wer op twa foar de ploech fan trainer Marius Hendriks: 3-1. Dit wie ek de einstân.