ONS Boso Snits slút kompetysje winnend ôf

De spilers fan ONS Boso Snits © awfoto.nl
ONS Boso Snits hat de kompetysje yn de topklasse sneon ôfsletten mei in 2-1 oerwinning op IJsselmeervogels. Op eigen fjild sette Yumé Ramos de iepeningstreffer nei 53 minuten spyljen op it skoareboerd. Harvey de Boer soarge tolve minuten letter foar de 2-0. Yn de slotfaze makke IJsselmeervogels de oanslutingstreffer, mar fierder liet de ploech fan trainer Richard Karrenbelt it net komme.
ONS Boso Snits spile him ferline wike al feilich yn de topklasse. De ploech einige op in kreas tsiende plak. Excelsior Maassluis waard de kampioen.