Behearder tigers: Der hat gjin grut gefaar west

14 maaie 2016 - 17:00

Neffens de behearder fan de biste-opfang yn Nijeberkeap, Barbara van Genne, hat der gjin grut gefaar west troch de ûntsnapping fan de tigers. De bisten wiene ûntsnapt út harren ferbliuw, mar der siet noch in twadde stek fan goed twa meter heech om it kompleks hinne.

De needprotokollen binne allegearre goed ferrûn. It duorre wol lang foardat de bistedokter de tigers ferdôvje koe. Dat kaam trochdat de dokter de twa bisten net goed fine koe en dêrnei tige soarchfâldich te wurk gean moast sadat de tigers gjin stress krigen.

Bot skrokken

By de biste-opfang binne se bot skrokken troch de ûntsnapping. En ek trochdat der in protte heisa ûntstien is wylst de tigers noch altiten efter it twadde stek sieten.

"Ik kan me goed voorstellen dat mensen in de omgeving geschrokken zijn", seit behearder Barbara van Genne. "Tegelijkertijd zijn we erachter gekomen dat alle protocollen goed zijn doorlopen en dat we de veiligheid kunnen garanderen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)