Hans Vonk fuort by SC Hearrenfean

14 maaie 2016 - 16:37

It kontrakt fan Hans Vonk by Sportklup Hearrenfean wurdt net ferlinge. De klup hat dit sneon bekendmakke. In mearderheid fan de ried fan kommissarissen stipet it beslút.

''Er is de afgelopen tijd uitvoerig gesproken, maar er waren helaas onvoldoende aanknopingspunten voor een verdere samenwerking. Beiden partijen verschillen helaas van mening over de invulling en werkwijze voor de toekomst'', sa seit algemien direkteur Luuc Eisenga. 

Vonk is sûnt it opstappen fan it one-tier-board yn oktober 2015 op ynterim-basis wurksum as manager fuotbalsaken by SC Hearrenfean. Syn kontrakt rint op 30 juny ôf, en sil dus net ferlinge wurde.

Sportklup Hearrenfean giet op syk nei in geskikte opfolger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)