Harkemase Boys pakt titel op slotdei

Harkemase Boys is sneon kampioen wurden fan de haadklasse C. De Harkiten wûnen de útwedstriid tsjin Flevo Boys mei 6-1 en binne dêrmei op de slotdei fan de kompetysje wis fan promoasje nei de topklasse. Takom jier is dat de tredde difyzje. De goals fan Harkemase Boys kamen op namme fan Heine Uuldriks (4x), Robin Huisman de Jong en Joram Smits.
It is de tredde titel yn de haadklasse foar Harkemase Boys. Earder waarden sy kampioen yn 2003 en 2009. Yn it seizoen 2010/2011 spile Harkemase Boys al in jier yn de topklasse.
Foar trainer Jan Vlap is dit de tredde titel binnen fjouwer jier. Yn 2013 waard hy mei ONS Snits kampioen fan de haadklasse C; in jier letter brocht hy ASV Dronten op it heechste plak yn de twadde klasse G. Earder waard hy ek al kampioen mei De Lemmer (twa kear), Burgum en Gronitas.