It giet "De Deur" foar de wyn

14 maaie 2016 - 15:44
  • It gebou fan Evangeelje gemeente De Deur

It giet Evangeelje gemeente De Deur yn Ljouwert foar de wyn. De gemeente ynvestearre tonnen yn de oankeap fan it gebou dêr't se al in part fan hierden. It giet om in eardere keukensaak oan de Zwemmerstraat, dy't de kommende moannen noch bot ferboud wurdt.

De tsjerkeseal wurdt fergrutte, der komt in poadium mei konsertfasiliteiten foar jongereineveneminten en it tal romten foar bibelstúdzje en bernewurk wurdt fierder útwreide.

10% ynkommen foar de gemeente

Evangeelje gemeente De Deur lûkt mei aktiviteiten op sneon, snein en woansdei alle wiken hûnderten besikers. Leden finansiere de gemeente sels troch 10% fan harren ynkommen ôf te dragen.

No snein yn ús radioprogramma Buro de Vries in portret fan dizze bysûndere gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)