UPDATE: Ungelokken op it wetter troch de hurde wyn

By in ûngelok mei it sylskip Poolster op de farrûte tusken Harns en Skylge binne sneontemiddei fjouwer opfarrenden ferwûne rekke. Trije persoanen binne ferwûne rekke oan de holle, ien persoan oan de hân. De ferwûnen binne nei it sikehûs brocht. De mêst fan it skip is ôfbrutsen. Hoe't dat barre koe, is noch net bekend.
De melding fan it ûngelok kaam binnen fia de fjoertoer De Brandaris op Skylge. De KNRM yn Harns kaam dêrnei mei twa boaten yn aksje. De bergingsskippen Hurricane en Tempest sille it strâne skip nei in haven bringe.
De Fluezen
Op De Fluezen is in sylboat mei fjouwer minsken oan board omslein. Ien fan de opfarrenden is dêrby swierferwûne rekke. Dizze persoan is oerbrocht nei it sikehûs. Rêdingsboaten fan Koudum, Heech en Balk binne ûnderweis om help te bieden. Waarman Piet Paulusma warskôget foar hurde wynstjitten, benammen op it wetter.