"Tigers kinne deasketten wurde as ferdôvje net slagget"

14 maaie 2016 - 14:00

As it net slagget om de twa ûntsnapte tigers yn de rôfdiere-opfang by Nijeberkeap te ferdôvjen, wurde bisten mooglik deasketten. Dat seit de sjef fan de plysje, Rinus Dam. De twa tigers - in mantsje en in wyfke - rekken sneontemoarn los, mar hawwe neffens de plysje net fan it terrein west. It is lykwols net wis oft it stek om it terrein wol goed is, en dêrtroch soene de bisten it boskrike terrein ferlitte kinne. De plysje is mei fyftjin man oanwêzich.

In bistedokter besiket de tigers te ferdôvjen, mar eventueel is der ek in hûnegelieder dy't fierder geande maatregels nimme kin, seit Rinus Dam

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)