"Tigers hawwe it terrein net ôf west, mar it stek is min."

14 maaie 2016 - 13:46
  • Tiger yn Pantera

De tigers dy sneontemoarn ûntsnapten út de ferbliuwen fan de rôfbiste-opfang by Nijeberkeap, hawwe it terrein fan de opfang net ôf west. Dat der dochs grut ynset is om de bisten te fangen, hat der mei te krijen dat it stek om it terrein neffens de plysje net hielendal goed is. Alle ynset is der no op rjochte om foar te kommen dat de bisten it boskrike terrein ferlitte kinne. Ien fan de bisten is wol rekke mei in ferdôvingspylk, mar is noch hieltyd wekker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)